Europeesk Fredesprojekt – Manifest
Hjoed, op 9 maaie 2025 – presys 80 jier nei de ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn Europa, dy’t oan 60 miljoen minsken it libben koste, wêrûnder 27 miljoen Sovjetboargers – ferheffe wy, de boargers fan Europa, ús stim!
Wy skamje ús foar ús regearingen en de EU, dy’t gjin learing lutsen hawwe út de 20e iuw. De EU, ea betocht as in fredesprojekt, is korrumpeard en hat sa de essinsje fan Europa ferret!
Dêrom nimme wy, de ynwenners fan Europa, hjoed, op 9 maaie, ús lot en ús skiednis yn eigen hannen. Wy ferklearje de EU ta mislearre.
Wy begjinne mei boargerdiplomaasje en wegerje mei te dwaan oan de plande oarloch tsjin Ruslân! Wy erkenne de meiferantwurdlikheid fan it “Westen”, de Europeeske regearingen en de EU yn dat konflikt. Wy, de ynwenners fan Europa, mei it European Peace Project, fersette ús tsjin de skamteleaze hypokrisy en leagens dy’t hjoed – op de Dei fan Europa – op offisjele seremoanjes en op publike stjoerders ferspraat wurde.
Wy rikke de minsken fan Oekraïne en Ruslân de hân. Jimme meitsje diel út fan de Europeeske famylje en wy binne derfan oertsjûge dat wy meielkoar in freedsume ko-eksistinsje op ús kontinint organisearje kinne.Wy hawwe de bylden fan de militêre begraafplakken op ús netflues – fan Volgograd oant Riga oant Lotharingen oant Dronryp en Ljouwert.
Wy sjogge de farske grêven dy’t efterlitten binne yn dizze sinleaze oarloch yn Oekraïne en Ruslân.
Wylst de measte EU-regearingen en de ferantwurdliken foar dizze oarloch op de tromme slaan en ûntkenne wat oarloch foar de befolking betsjut, hawwe wy, de boargers, wól lessen út de foarige iuw lutsen:
Europa, dat betsjut “Nea wer oarloch!”. It heucht ús, de Europeeske prestaasjes yn de weropbou fan de foarige iuw en de beloften dy’t yn 1989 nei de freedsume revolúsje dien binne.
Wy roppe op ta in Europeesk-Russyske jeugdútwiksel nei it foarbyld fan de Frânsk-Dútske jeugdorganisaasje fan 1963, dy’t in ein makke oan de “generasjonele fete’ tusken Dútslân en Frankryk.
Wy easkje de rekonstruksje fan de Nord Stream II piipline en in ein oan de sanksjes. Wy wegerje ús belestingjild te fergriemen oan bewapening en militarisearjen ta skea fan ús mienskip en ynfrastruktuer.
Yn it ramt fan in OVSE-fredeskonferinsje roppe wy op ta it kreëarjen fan in Europeeske feilichheidsarsjitektuer net tsjin mar mei Ruslân, lykas fêstlein yn it Hânfêst fan Parys út 1990.
Wy roppe op ta in neutraal Europa dat him emansipearret fan de Feriene Steaten en in bemiddeljende rol spilet yn in multypolêre wrâld. It Europa dat wy wolle is postkoloniaal en postimperiaal. Wy, de ynwenners fan Europa, ferklearje hjirby dat dizze oarloch foarby is!
Wy sille net meidwaan oan oarlochshitserij en machtsspultsjes. Wy sille ús mannen en soannen net feroarje litte yn soldaten, ús dochters net yn ferpleechsters yn militêre sikehuzen en ús lannen net yn slachfjilden. Wy biede oan om fuortendaliks in delegaasje fan Europeeske boargers nei Kiev en Moskou te stjoeren om in dialooch te begjinnen.
Wy sille net langer tasjen hoe’t ús takomst en dy fan ús bern offere wurdt op it alter fan de machtspolityk.
Libje Europa, libje de frijheid, libje de frede
***